Myn mear as 20 jier ûnderfining yn it primêr ûnderwiis kin ik goed brûke yn myn wurk. Sawol op it mêd fan toaniel, organisearjen en edukaasje.
Oant no ta ha ik nijsgjirrige projekten dwaan kinnen foar NME-centrum De Klyster en bygelyks de gemeente Noardeast-Fryslân en Dantumadiel. Lessen ûntwikkelje, gastlessen jaan, hannen en fuotten jaan oan natoer-, miljeu-, duorsumens- en technykedukaasje.
Sûnt jannewaris 2020 bin ik yn dieltiid wer wurksem yn it ûnderwiis. Yn skoaljier 2025-2026 bin ik yn Baard, by Regioskoalle De Greidefûgel, op woansdei oan it wurk mei bern dy't in stikje ekstra soarch en oandacht fertsjinje. 2 x yn 'e moanne bin ik op freed groepslearkrêft by groep 7-8.
By basisskoalle It Bynt in Winsum ferful ik ek dy rol, mar dan op moandei, tongersdei en 2 x yn 'e moanne op freed. Op oare dagen yn de wike is der romte foar losse projekten. Sa as foar NME-sintrum De Klyster.
Hawwe jo edukative ideeën en kinne jo foar de plannen en útfiering noch wol wat help brûke?
Skilje, mail of folje it kontaktformulier yn. Wat wit kinne wy tegearre yn de takomst de jeugd in leske leare!